<

17 november

Arjan Hut is de nije Dichter fan Fryslân: 'Minder wifi, mear poetry!'

Lês fierder nei de foto.

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut: “Doe’t ik frege waard, woe ik eins net fuort tahappe, mar foar’t ik it wist sei ik: ‘Ja, ja, fansels!’ It soe moai wêze as ik yn dizze tiid fan orakels, tsjutters en antwurden in tsjinwicht biede kin, en in romte fertsjinwurdigje dêr’t plak is foar twifel. In slagge gedicht sit op sa’n wize ynmekoar dat elkenien der krekt wat oars yn sjocht. Der is net ién wierheid, ién korrekte betsjutting of ién ynterpretaasje. En fierder: minder wifi, mear poetry!”

As Dichter fan Fryslân treedt Arjan Hut yn de kommende twa jier op as poëtysk ambassadeur fan Fryslân. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. In advyskommisje, besteande út Sigrid Kingma, Céline Wierda en Ammerins Moss-de Boer (foarsitter), hat de nije Dichter fan Fryslân foardroegen oan Deputearre Steaten.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje en it earste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân is te finen op www.dichterfanfryslan.nl.