<

14 oktober

Bekendmakking nije Dichter fan Fryslân

Lês fierder nei de foto.

Op freedtemiddei 12 novimber om 16:00 oere (ynrin 15:30 oere) wurdt tidens Explore the North de nije Dichter fan Fryslân bekendmakke yn de Westerkerk yn Ljouwert. Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân troch deputearre Sytske Poepjes nimt Nyk de Vries ôfskie as Dichter fan Fryslân mei de presintaasje fan syn nijste dichtbondel ‘Asman’.

Jo binne fan herte útnûge om hjirby oanwêzich te wêzen. Oanmelde is needsaaklik en kin fia: info@dichterfanfryslan.nl. Jo Corona QR-koade sil by de yngong skend wurde. Der kinne maksimaal 75 minsken yn ‘e seal. Tagong op basis fan folchoarder fan oanmelding.