<

06 februari

Berneboekewikegeskink 2024 yn it Frysk

Lês fierder nei de foto.

Pieter Koolwijk skriuwt dit jier it Berneboekewikegeskink foar de lanlike Kinderboekenweek 2024. Foar de twadde kear yn de skiednis fan de Kinderboekenweek sil yn opdracht fan Boeken fan Fryslân in Fryske fariant ferskine fan dat geskink. It tema fan de nasjonale Kinderboekenweek is dit jier ‘Lekker eigenwijs’.

Rymke Zijlstra is frege foar de oersetting fan it Berneboekewikegeskink fan Koolwijk. Zijlstra har oersetting fan ‘Lampje’ fan Annet Schaap stiet op de IBBY Honourlist fan 2024. Ek is Zijlstra bekend fan de Fryske oersetting ‘De Bruorren Liuwehert’ fan it wrâldferneamde Sweedske berneboek fan Astrid Lindgren.

De Kinderboekenweek wurdt holden fan woansdei 2 oant en mei snein 13 oktober 2024. By besteging fan op syn minst €13,50 oan berneboeken kriget men dan it Nederlânsktalige of Frysktalige boekewikegeskink kado fan de boekhannel.