<

25 april

Boekpresintaasje 'Maia en har freonen'

Lês fierder nei de foto.

Op tongersdei 21 april l.l. wie de presintaasje fan Maia en har freonen, in berneboek út Oekraïne, oersetten fia it Ingelsk nei it Frysk troch Tialda Hoogeveen. 

It earste eksimplaar waard troch de njoggenjierrige Motvey Tymts, dy’t acht jier lyn mei syn âlden en suster út de Krim flechtsje moasten, oanbean oan Gertrud Palstra fan FERS.

Motvey syn suster Yara fertelde oer harren flecht en situaasje no, sy wenje op it stuit noch yn it AZC yn Burgum, harren âlden binne aktyf yn it frijwilligerswurk. Yntusken behearskje se neist it Oekraynsk ek Nederlânsk en Frysk.
Gertrud Palstra hat foar de bibleteken yn Fryslân boeken yn it Oekraynsk besteld foar de flechtlingen, sy hie foar Yara en Motvey alfêst in Oekraynsk boek meinommen en sei -op fersyk fan Yara- ta ek guon yn Burgum ôf te leverjen foar de flechtlingen dy’t dêr no ûnderdak krigen ha.

Alve Fryske útjouwers hawwe meiwurke oan it ta stân kommen fan dizze útjefte, wêrfan’t de folsleine opbringst nei UNICEF-Oekraïne giet.

It is it ferhaal oer Maia, har klasgenoaten en harren juf Julia. Dy leart de bern dat it net útmakket oftst yn in lyts gesin wennest of yn in grutte clan. Ast no wol of net ‘echte’ famylje bist. Hoefolle memmen of heiten ast hast. It wichtichste is om fan elkoar te hâlden en inoar te respektearjen. Dy wearde is hillich.

Dy wearde is wichtiger as oait no’t it wer oarloch is yn Europa en miljoenen bern en har âlden harren thúslân Oekraïne ferlitte moatte.