<

31 maart

De Sutelaksjes binne wer los!

Lês fierder nei de foto.

Ofrûne moandei waard de earste Sutelaksje fan 2023 holden yn Minnertsgea. Der binne in hiel soad Fryske boeken sutele en dat smiet in prachtige opbringst op!

En dêr bliuwt it net by, want op 5 april wurdt der sutele yn Easterwierrum, 21 april yn De Rottefalle, op 2 maaie yn Alde- en Nijehoarne, 13 maaie yn Molkwar, 8 septimber yn Kimswert, 18 septimber yn Balk, 7 oktober yn Wergea en 12 oktober yn Jorwert. En der komme noch in heel soad nije data en plakken by!

Sjoch foar aktuele data, tiden en updates op www.sutelaksje.nl.

In moaie ynstruier foar jim klup!
Op www.sutelaksje.nl is te sjen wêr en wannear’t de Sutelaksje by dy yn ’e buert is. En fansels kinst dy ek opjaan om mei dyn klup of feriening in Sutelaksje te organisearjen. In moaie ynstruier foar de klupkas fan dyn feriening, organisaasje of klup!

Mei de Sutelaksje wol Boeken fan Fryslân de ferkeap fan it Fryske boek befoarderje. Foar it Fryske boek en foar de dielnimmende ferieningen is it in effektive wize fan gearwurkjen. Fryske boeken wurde oan ’e man brocht en de ferieningen hâlde dêr in moaie bûssint oan oer. Sjoch op www.sutelaksje.nl foar mear ynformaasje.

Foto: Jacob van Essen