<

20 september

Dichtersbarren Dichter fan Fryslân

Lês fierder nei de foto.

Op tongersdei 5 oktober organisearret de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, fan 16:00 oere ôf in feestlik Dichtersbarren mei poëzy yn ferskate foarmen en kombinaasjes. Jûns, fan 19.00 oere ôf iepenet it Dichterskafee yn De Gouden Leeuw yn Tresoar. De tagong foar alle ûnderdielen is fergees en elk is fan herte wolkom.

It Dichtersbarren start middeis op it Aldehouster tsjerkhôf by OBE mei û.o. ’taffeltsjedichtsje’ mei Arjan Hut, Christa Niklewicz, Syds Wiersma en Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân, skilderje op foardrachten mei Erik de Boer, Gabriëlle Terpstra, Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Martsje de Jong, Edwin de Groot en Sigrid Kingma en der is poëtyske muzyk fan Immen.

Jûns set it Dichterskafee yn Tresoar-kafee De Gouden Leeuw útein mei de presintaasje fan it wurk fan de poëzijskilderijen en de gedichten dy’t middeis skreaun binne. Der is in lês- en ideeëntafel, in iepen poadium en muzyk fan de band Hûs fan de Skries.

Dichtersbarren Dichter fan Fan Fryslân
– Tongersdei 5 oktober
– 16.00 – 22.00 oere
– Aldehouster tsjerkhôf, kafee De Gouden Leeuw
– Tagong fergees

(foto: Jacob van Essen)