<

18 september

Earste eksimplaren poëzijposters Dichter fan Fryslân foar Beyers Naudé

Lês fierder nei de foto.

It Christelijk Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert hie freed 15 septimber de eare om de earste eksimplaren fan de poëzijposters fan de Dichter fan Fryslân yn ûntfanst te nimmen. By de offisjele oanbieding wienen ek de winners fan de poëzijposter-wedstriid oanwêzich.

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen en de sichtberens fan Fryske poëzy op skoallen te fergrutsjen, skreau de Dichter fan Fryslân 2021-2023, Sigrid Kingma, in poëzijwedstriid út mei in tema binnen in eksakt fak. It gedicht moast de lêzer op in oare wize nei de lesstof sjen litte. De winnende gedichten binne as posters opmakke en foarmjûn troch Silke Boersma.

Hjoed krije alle middelbere skoallen yn Fryslân de Fryske postergedichten fan de Dichter fan Fryslân tastjoerd. De Dichter fan Fryslân skreau sels ek in gedicht foar de poëzijposters. De oare gedichten binne skreaun troch Bauke Vermaas, Lara Kool, Sietske Boonstra, Berber Spliethoff en Neeltje Terpstra en binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân: www.dichterfanfryslan.nl.