<

07 mei

Earste Sutelaksjes fan 2025 gean fan start!

Lês fierder nei de foto.

Woansdei en tongersdei 14 en 15 maaie gean de earste Sutelaksjes fan dit jier fan wer start yn Littens en Baard. Muzykferiening ‘Oranje’ út Spannum organisearret tegearre mei Boeken fan Fryslân de earste Sutelaksje fan dit jier.

It hiele jier troch wurde der yn gearwurking mei ferskate klups en ferienings rûnom yn Fryslân Sutelaksjes organisearre. Sa wurde der dit jier û.o. Fryske boeken sutele yn Alde- en Nijehoarne, Achlum, Warten, Wergea en dêr komme noch mear by dit jier.

25% fan de opbringst is foar de klupkas
Ek in Sutelaksje oanfreegje? Of tsjekke wanneart de Sutelaksje by jim yn ‘e buert is? Sjoch www.sutelaksje.nl foar de aktuele Sutel-aginda of om jim feriening op te jaan. Want in Sutelaksje leveret in moaie bûssint op foar jim klup of feriening! 

(Foto: Jacob van Essen)