<

27 januari

Ek yn 2022 wer Sutelaksjes!

Lês fierder nei de foto.

De earste Sutelaksjes fan 2022 stean alwer op ’e aginda. Op 22 en 23 april sutelet toanielferiening Rjocht en Sljocht yn Gersleat en op 24 en 25 juny sutelet muzykferiening ‘Looft den Heer’ yn Ingelum, Bitgum en Bitgummole. Ynkoarten mear data en plakken!

Meidwaan?
Op www.sutelaksje.nl is te sjen wêr en wannear’t de Sutelaksje by dy yn ’e buert is. En fansels kinst dy ek opjaan om mei dyn klup of feriening in Sutelaksje te organisearjen. In moaie ynstruier foar de klupkas fan dyn feriening, organisaasje of klup!

Mei de Sutelaksje wol Boeken fan Fryslân de ferkeap fan it Fryske boek befoarderje. Foar it Fryske boek en foar de dielnimmende ferieningen is it in effektive wize fan gearwurkjen. Fryske boeken wurde oan ’e man brocht en de ferieningen hâlde dêr in moaie bûssint oan oer. Sjoch op www.sutelaksje.nl foar mear ynformaasje.