<

09 september

Ek yn 2023 komt de Sutelaksje by jo del!

Lês fierder nei de foto.

De earste Sutelaksjes fan 2023 stean alwer yn ‘e aginda, mar ek yn oktober en novimber dit jier komt it Fryske boek by jo oan ‘e doar! Op 4 oktober wurdt der troch IIsklup Jorwert sutele yn Jorwert, op 8 oktober komt Filmkafee Bagdad mei Fryske boeken del yn Wergea, op 14 oktober sutelet muzykferiening Crescendo yn Holwert en op 5 novimber is it de bar oan toanielferiening Rjocht en Sljucht yn Gersleat! Sjoch foar aktuele data, tiden en updates op www.sutelaksje.nl.

In moaie ynstruier foar jim klup!
Op www.sutelaksje.nl is te sjen wêr en wannear’t de Sutelaksje by dy yn ’e buert is. En fansels kinst dy ek opjaan om mei dyn klup of feriening in Sutelaksje te organisearjen. In moaie ynstruier foar de klupkas fan dyn feriening, organisaasje of klup!

Mei de Sutelaksje wol Boeken fan Fryslân de ferkeap fan it Fryske boek befoarderje. Foar it Fryske boek en foar de dielnimmende ferieningen is it in effektive wize fan gearwurkjen. Fryske boeken wurde oan ’e man brocht en de ferieningen hâlde dêr in moaie bûssint oan oer. Sjoch op www.sutelaksje.nl foar mear ynformaasje.