<

24 januari

Feestlike ynstallaasje nije Berneboeke-ambassadeur

Lês fierder nei de foto.

Hjirby nûgje wy jo fan herte út om op woansdei 25 jannewaris om 12:30 oere oanwêzich te wêzen by de offisjele ynstallaasje fan de nije Berneboeke-ambassadeur, Tialda Hoogeveen, op basisskoalle ’t Holdersnêst op ‘e Harkema.

Mar earst nimme wy fansels ôfskie fan Lida Dijkstra, de alderearste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Lida pakt it skriuwen wer folslein op en om dat te markearjen, ferskynt der in prachtich nij berneboek fan har hân, ‘De Letterfretter’, mei yllustraasjes fan Berber van den Brink.

Nei de presintaasje fan ‘De Letterfretter’ sil de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisanne Hiemstra, de nije Berneboeke-ambassadeur, Tialda Hoogeveen, offisjeel beneame. De presintaasje fan dizze feestlike middei is yn hannen fan Michiel Veenstra, direkteur fan basisskoalle ’t Holdersnêst.

Nei ôfrin fan de feestlike ynstallaasje sille Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen en de yllustratoaren Berber van den Brink en Yke Reeder noch in workshop fersoargje foar de learlingen fan ’t Holdersnêst.

Graach hearre wy fan jo oft jo by de beneaming oanwêzich wêze wolle. Opjefte fia ynfo@berneboekeambassadeur.frl.