<

08 april

Fergees Boekewikegeskink!

Lês fierder nei de foto.

Fan 9 o/m 18 april is it nasjonale Boekwike en dêrom krije jo, by oanskaf fan minimaal €15,00 oan Fryske boeken, it nasjonale Boekwikegeskink fan Ilja Leonard Pfeijffer yn Fryske oersetting fan Jetske Bilker der fergees op ta!

‘Monterosso mon amour’ is in ferhaal oer it belang fan ferhalen. En tagelyk is it in oade oan de anonime minsken dy’t it literêr bedriuw geande hâlde, lykas boekhannelers, bibleteekmeiwurkers en organisatoren fan lêzingen.

Sawol de skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink, Ilja Leoonard Pfeijffer as de oersetter fan de Fryske edysje, Jetske Bilker, binne te gast op de literêre jûn fan Boeken fan Fryslân op sneon 16 april yn de Westerkerk yn Ljouwert.

De online kaarten binne útferkocht. Oan de kassa binne noch in pear kaarten te keap.

Literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer & Jetske Bilker
Lokaasje: Westerkerk, Ljouwert
Ynrin: 19:30 oere
Kaarten oan ’e kassa: €7,50 (online útferkocht)