<

25 september

Ferhalejûn BoekHjerstBoek yn Jorwert

Lês fierder nei de foto.

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it de ferhalejûn BoekHjerstBoek dy’t op freed 17 novimber om 20.00 oere kafee It Wapen fan Baarderadiel yn Jorwert holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal te skriuwen mei it tema ‘Stoarm’.

Stoarmet it yn dy? Yn dyn holle, yn dyn liif? Stoarmet it bûten of op it wurk, stoarmest troch it libben? Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.

Skriuw in stoarmeftich ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen en stjoer dat, mei dyn namme derby, foar freed 3 novimber nei ferhalewedstriid@boekenfanfryslan.frl.

Wa wit dielsto dy jûn as winner it poadium mei masterfertellers Gjalt de Groot, Martin Scherstra, Doeke Sijens, Anita Terpstra en Jan Schokker. De sjuery sil alle ynstjoeringen beoardielje en nei 17 novimber ek fan kommentaar foarsjen. 

BoekHjerstBoek yn Jorwert
Freed 17 novimber
20:00 oere
Kafee ‘It Wapen fan Baarderadiel’ yn Jorwert
Mei: Gjalt de Groot, Martin Scherstra, Doeke Sijens, Anita Terpstra en Janschokker, Weima & Van der Werf, hapkes en drankjes
Tagong fergees!