<

24 augustus

Frysk Boekefeest 2023

Lês fierder nei de foto.

Op freedtejûn 3 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike fan 4 o/m 12 novimber. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek fan Anita Terpstra presintearre wurde dat ferfolgens de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen is by besteging fan op syn minst €15,00 oan Fryske Boeken.

It Fryske Boekefeest mei de presintaasje fan it Kadoboek fan Anita Terpstra wurdt it jier holden yn Dansschool Saco Velt yn Ljouwert. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma, de muzyk wurdt fersoarge troch DJ Ritsko. Ynrin: 20.00 oere, tagong fergees. Elk is fan herte wolkom!

Frysk Boekefeest 2023
– Ynrin: 20.00 oere
– Tagong fergees
– Sacramentsstraat 19, 8911 GK, Ljouwert

Sjoch foar mar ynformaasje oer de Fryske Boekewike en aktiviteiten op: www.fryskeboekewike.nl.