<

16 september

Frysk Boekefeest 2026

Lês fierder nei de foto.

Freed 30 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest yn Tresoar yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2026. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Seis, Ses, Zesse, Ses’ fan Gabrielle Terpstra, Martsje de Jong, Gerard de Jong, Johan Veenstra, Henk van der Veer en Marije de Lange.

It Frysk Boekefeest wurdt dit jier organisearre yn gearwurking mei Tresoar. Op dizze jûn wurde ek de nammen fan de fiif skriuwers bekend makke dy’t selektearre binne foar de Gielegou Rige.

  • Freed 30 oktober, 20.30 oere (ynrin 20.00 oere)
  • Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert  
  • Tagong fergees

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan âld-sjoernalist Asing Walthaus en der is muzyk fan DJ Rick Klap. Dresscode: ‘in tintsje pears’.

Oanmelde
Graach fernimme wy oftst derby wêze kinst en mei hoefolle persoanen. Opjefte graach foar snein 4 oktober. It tal plakken is beheind, meld dy dêrom gau oan fia dizze link.

(Foto: Jacob van Essen)