16 oktober
Frysk Boekefeest, ôftraap Fryske Boekewike 2024
Lês fierder nei de foto.
Freed 1 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2024. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Wynroas’ fan Meindert Talma presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 2 o/m 10 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15,- oan Fryske boeken by jo boekhannel. De presintaasje fan de feestlike jûn is yn hannen fan Bart Kingma en it programma begjint om 20.30 oere, ynrin 20.00 oere. Elk is fan herte wolkom, de tagong is fergees. Graach oanmelde fia: info@boekenfanfryslan.nl.
Meindert Talma (It Surhústerfean, 1968) skreau dit jier it Frysk Kadoboek 2024. Yn 1999 debutearre hy mei de autobiografyske roman ‘Dammen met ome Hajo’, dy’t yn 2022 by útjouwerij Regaad yn it Frysk ferskynde. Twa jier nei syn debút brocht er tegearre mei Nyk de Vries in samling fraachpetearen út ûnder de titel ‘De Blauwe Fedde yn petear’. Yn 2003 ferskynde fan him de roman ‘Kriebelvisje’. Dêrop folgen de dichtbondel ‘Laat het orgel jammeren’ (2011) en de romans mei muzykalbums ‘Kelderkoorts’ (2013), ‘Je denkt dat het komt’ (2017) en ‘Gezinsverbijstering’ (septimber 2024).
Kadoboek ‘Wynroas’
‘Ik haw in soad min folk op myn wei kend, meastal wiene se al gau wer út myn libben ferdwûn, mar fan alle minsken dêr’t ik mei te krijen hân haw, komt Gerrit Huidekoper jr. it tichtst by de kwalifisearring ‘myn grutste en koppichste fijân’.
Meindert Talma skreau mei ‘Wynroas’ it Frysk Kadoboek 2024, in autobiografyske, tragikomyske novelle mei in spannende en dramatyske ôfrin. It Kadoboek fan 2024 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Regaad. De skriuwer docht yn de Fryske Boekewike ferskate bibleteken en poadia oan mei in optreden rûnom it Kadoboek. Sjoch op www.fryskeboekewike.frl foar datums en lokaasjes.
De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek en docht dat troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân. Mear ynformaasje oer Boeken fan Fryslân op boekenfanfryslan.frl.
(foto: Jacob van Essen)