<

30 september

Frysk Boekefeest, start Fryske Boekewike 2022

Lês fierder nei de foto.

Op freedtejûn 28 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022 fan 29 oktober o/m 6 novimber. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’ fan Ferdinand de Jong presintearre wurde.

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan ‘Las Bandidas’. It Frysk Boekefeest wurdt dit jier holden yn sealesintrum ‘Hof van de Koning’ op it Hearrenfean. Om 19:30 gean de doarren iepen, it programma begjint om 20:00 oere. De tagong is fergees, elkenien is fan herte wolkom.

De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Mei de Fryske Boekewike fiere wy it Fryske boek en stiet dy wike yn it bysûnder it Fryske boek sintraal. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by in besteging fan op syn minst €15,00 oan boeken.