<

18 maart

Alwer in hiel jier fol Sutelaksjes!

Lês fierder nei de foto.

Foar dit jier stean der yn gearwurking mei allerhanne klups en ferienings alwer moai wat Sutelaksje op it programma! Op 5 april stiet de earste Sutelaksje fan dit jier op it programma yn gearwurking mei doarpskrant Diggelfjoer. Sy sutelsje yn Itens, Rien, Lytsewierrum en Hinaard!

Fierder strykt de Sutelaksje dit jier noch del yn Frjentsjer, Berltsum, Holwert, Menaam, Bitgum, Bitgummole en Ingelum! En fansels komme dêr noch in hiel soad oare doarpen by.

25% fan de opbringst is foar de klupkas
Ek sutelje? Of tsjekke wanneart de Sutelaksje by jim yn ‘e buert is? Sjoch www.sutelaksje.nl foar de aktuele Sutel-aginda of om jim feriening op te jaan! Want in Sutelaksje leveret in moaie bûssint op foar jim klup of feriening!

(Foto: Jacob van Essen)