07 maart
Literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer & Jetske Bilker útferkocht
Lês fierder nei de foto.
Boeken fan Fryslân organisearret op sneon 16 april 2022 in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2022 Ilja Leonard Pfeijffer yn de Westerkerk yn Ljouwert. Pfeijffer wûn yn 2014 mei syn roman La Superba de Libris Literatuerpriis. Foar dyselde priis waard hy yn 2019 nominearre mei syn roman Grand Hotel Europa.
Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân makke Jetske Bilker de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk.
Op dizze jûn wurde sawol de skriuwer en haadgast fan it Boekenweekgeschenk, Ilja Leonard Pfeijffer, as de oersetter, Jetske Bilker, ynterviewd troch Coen Peppelenbos. Nei ôfrin fan it programma is der romte foar sinjearjen en in drankje.
NB. De online kaarten binne útferkocht. Oan ‘e kassa binne noch in pear te keap.