<

02 september

Fjirtich skoallen Súdwest-Fryslân krije besite Berneboeke-ambassadeur

Lês fierder nei de foto.

Freed 2 septimber start Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra yn ’e gemeente Súdwest-Fryslân. Lida komt de kommende moannen op fjirtich basisskoallen del om lês- en boekewille te fersprieden. De ôftraap is op ’e Sint Martinusskoalle yn Makkum.

Prachtige gearwurking
Wethâlder Petra van den Akker sil freed symboalysk de earste Lêskoffer fan ’e gemeente yn ûntfangst nimme. Dat docht se ûnder in feestlike ôftraap op ’e Sint Martinusskoalle yn Makkum. Dy skoalle hat har ferline jier as earste oanmeld. “De Berneboeke-ambassadeur is in supermoai projekt, dêr’t wy as gemeente graach oan meiwurkje,” fynt de wethâlder. “De takomst fan it Frysk leit by de bern. Dêrom is it ekstra belangryk dat wy harren entûsjast meitsje foar it lêzen fan it Frysk. En wa kin dat better dwaan as Lida, dy’t sels berneboekeskriuwster is!”

“Dit is in prachtige gearwurking,” seit Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra. “Alle basisskoallen dy’t dêr priis op stelden hawwe de Lêskoffer fol berneboeken fan ’e gemeente kado krigen.”

Foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje
Lida Dykstra is sûnt 2020 Berneboeke-ambassadeur, in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Se hat yn dy funksje al op mear as hûndert skoallen west. Se komt yn sawol de ûnderbou, middenbou as boppebou del, mar krekt wat de skoalle sels wol. Lida lit de bern yn ’e kunde komme mei Frysktalige boeken. Dat docht se net allinne troch de boeken út ’e Lêskoffer foar te lêzen. “Ik bepraat de boeken ek mei de bern. Soms gean ik mei âldere groepen oan ’e slach mei in kreative skriuwopdracht.”

Elly Attema fan ’e Sint Martinusskoalle hat der sin oan. “Ik fyn it foar elk bern in boppeslach om op dizze wize mei Fryske boeken yn ’e kunde te kommen. Der giet niks boppe je lekker fuortsakje te litten yn ’e wrâld fan ferhalen; dêr is alles mooglik!”

De Berneboekeambassadeur (BBA) fan Fryslân set har yn om lês- en boekewille te fersprieden, yn de breedste sin. De BBA bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.

(Foto: Petra Kroon)