<

16 mei

Lêzingen Kadoboek 2025

Lês fierder nei de foto.

‘Oan it ein fan de Oere’, it Kadoboek, skreaun troch Anne-Goaitske Breteler, foar de Fryske Boekewike (8 o/m 16 novimber, 2025), fertelt it ynkringende ferhaal fan de famylje Zwart út Moddergat. Yn in ferfallen pleats oan ’e seedyk libben de net-troude broers Pieter, Jan en Dirk en harren suster Wytske in beskieden, mar bysûnder libben yn in tiid fan grutte feroaring.

Mei de komst fan de modernisearring feroare ek it plak fan de famylje yn de mienskip. Jan, de lêste fan it gesin, liet de pleats en in grut legaat nei oan Museum ’t Fiskershúske yn Peazens-Moddergat – mei as betingst dat harren ferhaal in fêst plak yn in tentoanstelling krije soe.

No’t it museum mei dy neilittenskip yn ’e mage sit, kringt in fraach him oan ús op: wat dogge wy mei erfgoed as de minsken dy’t it fertsjintwurdigje der net mear binne om harren ferhaal te fertellen? En wêrom soe krekt dit ferhaal ferteld wurde moatte?

It boek ferbynt mûnlinge skiednis, fotomateriaal en literêre non-fiksje ta in djippe refleksje oer tiid, ferlies en de krêft fan lytse ferhalen yn in grutte wrâld.

De skriuwer fan it Kadoboek, Anne-Goaitske Breteler, jout yn de Fryske Boekewike in tal lêzings rûnom yn de provinsje. By de lêzing komme de personaazjes fan de famylje Zwart op in oansprekkende wize ta libben – yn wurden, bylden én unyk fideomateriaal. Yn in programma fan in oere wurdt it publyk meinommen yn it bysûndere libben fan in húshâlding dy’t net fergetten wurde mei.

Lêzingen ‘Oan it ein fan de Oere’ – Anne-Goaitske Breteler, Frysk Kadoboek 2025

  • 10 novimber, dBieb, it Hearrenfean
  • 12 novimber, it Nut, Burgum
  • 13 novimber, Podium Gorter, Balk
  • 14 novimber, Theaterkerk, Nes

Alle lêzingen binne fergees tagonklik, eksakte tiden wurde op in letter momint bekend makke.

(Foto: Tryntsje Nauta)