<

06 juli

LIT-UP, nij Europeesk projekt foar literatuerpromoasje

Lês fierder nei de foto.

Boeken fan Fryslân en Leeuwarden UNESCO City of Literature binne sûnt dizze simmer partner yn in nij Europeesk projekt: LIT-UP. It doel? Ta nije strategyen komme om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk. De oare partners yn it projekt komme út Kataloanje, Baskelân, Galisië, Servië, Slovenië en Korsika.

“It projekt rjochtet har op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennisútwikseling en profesjonalisearring tusken de dielnimmende regio’s en de ferskillende beropsgroepen.” fertelt Mirjam Vellinga.

“Konkreet wurde der troch de ferskillende partners workshops en trainingen organisearre, bygelyks op it mêd fan boekpromoasje, bûtenlânske rjochten en it bouwen fan in netwurk. Dêrneist wurde der literêre eveneminten organisearre om alle partijen mei-inoar yn kontakt te bringen en om sjen te litten wat literatuer yn lytse talen allegear te bieden hat. Sa kinne wy in soad faninoar leare.”

It projekt, dat rinne sil oant begjin 2025, sit no noch yn de opstartfaze. Doel is om de earste workshops dit neijier te hâlden yn Valencia tidens it Placa del Llibre-boekfestival.

LIT-UP is in projekt útfierd binnen de Culture Strand Piorities 2021 fan de Europeeske oprop CREA-CULT-2021- COOP-2 – European Cooperation projects (medium scale). In Europeesk programma op it mêd fan kulturele aktiviteiten en netwurken.