24 oktober
LIT-UP programma Meet me at the Lighthouse
Lês fierder nei de foto.
Op freed 10 novimber organisearret Boeken fan Fryslân yn gearwurking mei Leeuwarden UNESCO City of Literature en it Meet me at the Lighthouse festival yn it ramt fan it Europeeske LIT-UP projekt twa Ingelsktalige ynspiraasjesesjes en netwurkmominten foar ynternasjonale projektpartners en minsken út it boekefak.
Oan de ynspiraasjesesjes dogge mei: Mireille Berman fan it Nederlands Letterenfonds, dichter en skriuwer Tsead Bruinja, berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen, skriuwer Anita Terpstra, dichter en skriuwer Nyk de Vries en Ernst Bruinsma fan Boeken fan Fryslân. De ynsprisaasjesesjes wurde laat troch prof. dr. M.P.J. (Mathijs) Sanders, heechlearaar Moderne Nederlandse Letterkunde oan de Ryksuniversiteit fan Grins.
Programma:
10:45 wolkom troch prof. dr. M.P.J. (Mathijs) Sanders
11:00 start ynspiraasjesesje 1
12:00 netwurklunsj
13:00 start ynspiraasjesesje 2
14:00 netwurkbuorrel Hotel De 4-Dames
16:00 ‘Small Languages, Big Stories’, in progamma oer lytse talen yn De Stag
De ynspriaasjesjes fine plak yn kultureel sintrum De Stag. Dielname is fergees, opjaan fia: sito@leeuwardencityofliterature.nl.
Yn it projekt LIT-UP wurkje Boeken fan Fryslân en Leeuwarden UNESCO City of Literature gear mei seis Europeeske partners om literatuer yn minderheidstalen yn Europa better ûnder de oandacht te bringen. Dit jier komme de partners byinoar op Skiermûntseach. In part fan it profesjonele programma is iepen foar besikers fan it festival en bûtenlânske auteurs trede op.