<

09 oktober

Literêre jûn mei Sjoerd Bottema en Jaap Louwes

Lês fierder nei de foto.

Spesjaal foar de Fryske Boekewike is der op tongersdei 7 novimber om 20.00 oere in Literêre jûn yn dbieb yn Burgum mei ferteller Sjoerd Bottema en sjongende ridder Jaap Louwes.

Grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik: Fraeye historie ende al waer. Sjoerd Bottema fertelt sterke ferhalen. Waar gebeurd. Oer de sjongende ridder. Oer Gosse Knop, dy’t it oanlei mei de duvel. Oer de wraak fan de Dalstraboys. 
 
Sjoerd Bottema wûn yn 2022 de Rely Jorritsmapriis mei it ferhaal De sjongende ridder.  
Yn 2020 ferskynde de ferhalebondel De grize oer de grouwe. De skriuwer jout dêryn syn eigen draai oan bekende en minder bekende folksferhalen. 
 
Oer De sjongende ridder: ‘In folslein oarspronklike tekst dy’t konsekwint alle gongbere  fertelkonvinsjes oerheap smyt, tige komysk wurket en jin bybliuwt’  (sjueryrapport Rely Jorritsmapriis). 
 
Oer De grize oer de grouwe: ‘Keunstich wurde tsjustere praktiken fan eartiids op fermaaklike wize ta libbene, aktuele skiednissen omwurke. (De skriuwer hat) in prachtige draai jûn oan âlde teksten’ (Ljouwerter Krante). ‘De sfear yn syn ferhalen bestiet út in mingsel fan humor en spanning, en se spylje har ôf yn like werkenbere as absurde omkriten. Dat mingsel broeit om’t Bottema echt gefoel foar dit type literatuer hat’ (Frysk Deiblêd). 
 
Jaap Louwes, de sjongende,doarmjende en swalkjende troubadoer en lietsjesboer, sil wer ‘t it kin ferskes hearre litte dy mei de ferhalen fan de skriuwer te krijen ha. Of just net….. Hy kin in ferskaat oan lieten kieze út syn eigen repertoire en is û.o. bekend fan titels lykas Famke , De Waldwei en Memmen by it stek. Koartsein: it wurdt in bûnte jûn! Sjoerd Bottema en Jaap Louwes sjogge d’r nei út!  
 
Ferteller: Sjoerd Bottema 
Sjongende ridder: Jaap Louwes 

Kaarten fia dizze link.