<

14 oktober

Literêre optredens yn oktober en novimber

Lês fierder nei de foto.

Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober en novimber sechtjin literêre optredens mei fjouwer skriuwersduo’s. Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar & Elmar Kuiper, Hilda Talsma & Emiel Stoffers fan ‘De Hûnekop’ en Sjoerd Bottema & Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk, al as net ôfwiksele mei muzyk foarmje de basis fan de optredens. Alle optredens binne fergees tagonklik. Fan herte wolkom!

Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides oer oarloch en boogiewoogie
– 2 oktober, 15:00 oere yn Podium Lewinske, Snits
– 6 oktober, 19:30 oere yn kafee De Bak, Ljouwert
– 14 oktober, 19:30 oere yn kafee De Bogt fen Guné, Frjentsjer
– 31 oktober, 15:00 oere yn ’t Jabikshuus, Sint Jabik

Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar & Jan de Vries oer fytse en hurdfytse
– 10 oktober, 15:00 oere yn Phlox, Húns
– 13 oktober, 20:00 oere yn Waddenherberch The Friezinn, De Westhoek
– 27 oktober, 20:00 oere yn dbieb, Burgum
– 30 oktober, 20:00 oere yn Paviljoen MeM, Bûtenpost

Hilda Talsma & Emiel Stoffers mei ‘Underweis’
– 14 oktober, 20:00 oere yn kafee Marktzicht, Drachten
– 3 novimber, 20:00 oere yn It Reade Hynder, Wommels
– 4 novimber, 20:00 oere yn Grandcafé Jan!, Wergea

Sjoerd Bottema & Jaap Louwes
– 31 oktober, 15:00 oere yn de Broekster Tsjerke, Broek
– 4 novimber, 20:00 oere yn de Skierstins, Feanwâlden
– 7 novimber, 15:00 oere yn Poadium Gorter, Balk
– 14 novimber, 15:00 oere yn Teater Mammemahûs, Jellum