04 juli
Maaike Beckers nije projekkoördinator Boeken fan Fryslân
Lês fierder nei de foto.

Maaike Beckers (Wytmarsum, 1988) is de nije projektkoördinator foar Boeken fan Fryslân. Sy wurket sûnt 2015 foar it kulturele fjild yn Fryslân. Earder as beliedsmeiwurker by de provinsje Fryslân en sûnt 2021 as saaklik direkteur by Pier21. Beckers nimt mei dizze stap de funksje projektkoördinator Boeken fan Fryslân oer fan Ernst Bruinsma en sil de kommende tiid petearen hawwe mei útjouwers, skriuwers, lêzers en oare spilers yn it literêre fjild yn Fryslân.
Sy hat bot nocht oan har nije útdaging by Boeken fan Fryslân: “Ik leau yn de ferbinende krêft fan literatuer en ik fyn it hiel nijsgjirrich om my dwaande hâlde te meien mei ús projekten en de promoasje en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek. In grutte útdaging dêr’t ik in soad nocht oan haw!”
Boeken fan Fryslân is dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek. Dat dogge wy troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân.
(Foto: Natalia Balanina)