<

11 maart

Nasjonaal Boekewikegeskink fan de famylje Chabot ferskynt ek yn it Frysk

Lês fierder nei de foto.

It nasjonale Boekewikegeskink ferskynt ek dit jier wer yn it Frysk. De Fryske oersetting, mei de titel ‘Gesinsferpakking’, is makke troch Ytsje Steen. It tema fan de 89e nasjonale Boekewike is ‘Bij ons in de familie’ en dêrom is de famylje Chabot frege om foar dit jier it nasjonale Boekewikegeskink te skriuwen. De nasjonale Boekewike begjint no sneon 16 maart.

Bart en Sebastiaan Chabot oer de Fryske oersetting: “Wat ik práchtig vind aan de Friese versie, is dat ‘Hond Bril’ ‘Hûn Bril’ is. Wat mij betreft is het van nu af aan Hûn Bril, zowel in het Fries als in het Nederlands! En het Friese ‘memmestippen’ voor het Nederlandse ‘mamastippen’!” 

De nasjonale Boekewike wurdt dit jier holden fan 16 o/m 24 maart. By oanskaf fan € 15,- oan Fryske boeken by jo boekhannel krije jo yn de nasjonale Boekewike it Boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf yn it Frysk − der fergees by.

Boeken fan Fryslân is dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek. Sjoch op de webside fan Boeken fan Fryslân foar mear ynformaasje oer projekten en aktiviteiten fan Boeken fan Fryslân: www.boekenfanfryslan.frl.