<

21 mei

Nyk de Vries nei Reku Reku festival Slovenië

Lês fierder nei de foto.

Skriuwer Nyk de Vries is tegearre mei twa Spaanske skriuwers selektearre foar it Reku Reku storytelling festival yn it Sloveenske Novo Mesto. Hy is troch it festival selektearre út in foardracht fan sa’n 20 ynternasjonale skriuwers út de sân lytse taleregio’s dy’t harren ferbûn hawwe yn it Europeeske LIT-UP projekt.

It Reku Reku festival fynt plak fan 27-30 augustus yn Novo Mesto en wurdt organisearre troch Založba Goga, in Sloveenske útjouwerij, ien fan de partnerorganiaasje dy’t belutsen is by it LIT-UP projekt. Mear oer it festival is te finen op: https://reku.goga.si.

Ein 2023 helle Boeken fan Fryslân yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature in LIT-UP delegaasje skriuwers, útjouwers, literêre aginten en oare minsken út it boekefak nei it Meet me at the Lighthouse festival op Skiermûntseach. Ien fan de skriuwers dy’t dêr in optreden fersoarge, Pia Prezelj, wie koartlyn op útnûging fan Ljouwert UNESCO City of Literature te gast yn Fryslân om te wurkjen oan har nije roman dy’t him ôfspilet op Skiermûntseach.

LIT-UP

Yn it projekt LIT-UP wurkje Boeken fan Fryslân en Leeuwarden City of Literature gear mei seis Europeeske partners om literatuer yn minderheidstalen yn Europa better ûnder de oandacht te bringen. Sjoch foar mear ynformaasje op: https://litup-project.eu.

(foto: Rob Pieters & Petra van der Molen)