<

22 februari

Oanbieding opbringst Fryske oersetting Oekraynsk berneboek oan UNICEF

Lês fierder nei de foto.

Yn april 2022 ferskynde it út it Oekraynsk oersetten berneboek Maia en har freonen yn it Frysk. Alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze Fryske útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân. Ofpraat wie dat de opbringst dêrfan folslein te’n goede komme soe oan Unicef Oekraïne. No, hast in jier nei it begjin fan de oarloch, is it boek hast útferkocht en koe de sjek fan € 3.500,- oanbean wurde.
 
De Fryske Berneboeke-ambassadeur en oersetter fan it boek Tialda Hoogeveen hat de sjek woansdei oerhandige oan Sipke Jan Bousema, ambassadeur fan UNICEF. “Ik bin der as ambassadeur fan Unicef hiel wiis mei dat Tialda Hoogeveen dit inisjatyf naam hat en dat sy har as berneboeke-ambassadeur foar alle bern ynset. De fantastyske opbringst fan it boek Maia en har freonen giet nei de bern út Oekraïne dy’t Unicef û.o. stipet mei School-in-a-box. Dêr sit lesmateriaal yn dat in learaar nedich hat foar in klasse mei 40 bern.”

De sjek waard oanbean yn it bywêzen fan de direksje en bern fan C.B.S. Nijdjip, O.B.S. De Twa Fisken en de Oekraynske groepen dy’t op dizze skoallen yn Grou harren plakje krigen hawwe. Ineke Klappe, direkteur fan de Oekraynske klassen is bliid mei de wize wêrop’t de Oekraynske bern yn Grou opfongen wurde.

It boek Maia en har freonen fan Larysa Denysenko giet oer Maia en har klasgenoaten en al harren famyljes, dy’t op ferskillende wizen gearstald binne. It sintrale tema is dat bern har oeral feilich fiele moatte. En dat it belangrykste is dat je fan inoar hâlde en inoar respektearje. 

Utjouwer Liliia Omelianenko, fan it oarspronklike boek, liet witte dat it boek yn sân talen oersetten is en dat it al mear as € 60.000,- opsmiten hat foar UNICEF Oekraïne, foar de bern dy’t slachtoffer binne fan de oarloch.