<

15 oktober

Online LIT-UP workshop oer AI foar útjouwers en skriuwers yn Fryslân

Lês fierder nei de foto.

De oanwêzichheid fan keunstmjittige yntelliginsje (AI) yn ús deistich bestean is in feit. It Europese gearwurkings-projekt LIT-UP biedt op tiisdei 5 novimber fan 16.00 – 18.00 oere in fergese workshop oan foar skriuwers en útjouwers yn lytse talegebieten om de foardielen fan AI oan te stipjen. Yn dizze fergese workshop wurde tips dield en wurdtst bypraat oer hoe’tst AI sa optimaal foar dy wurkje litte kinst.

Meidwaan is fergees. Oanmelde kin fia: https://forms.gle/AbDe31FYh2Mz9fbL8

Yn it projekt LIT-UP wurkje Boeken fan Fryslân en Leeuwarden City of Literature gear mei seis Europeeske partners om literatuer yn minderheidstalen yn Europa better ûnder de oandacht te bringen. Sjoch foar mear ynformaasje op: https://litup-project.eu