07 april
Online workshop 'Ynternasjonale rjochten'
Lês fierder nei de foto.

No tongersdei 10 april kinne útjouwers, skriuwers, boekferkearpers, bibleteekmeiwurkers en studinten harren fergees oanmelde foar in online LIT-UP workshop ‘Ynternasjonale rjochten foar útjeften yn lytse talen’ troch de Katalaanske professor Carlota Torrents.
Hoe kinst meidwaan:
- Gean nei: https://spanskavas.com/
- Klik op ‘Login’ (rjochtsboppe) en meitsje in akkount oan
- Wiis dysels ta oan de kursus
- Brûk dêrfoar de koade ‘4001’
De online workshop begjint om 15:30 oere en kin ek folgje wurde fia dizze Zoom-link. Brûk de koade 229861 om yn te loggen.
LIT-UP
Yn it projekt LIT-UP wurkje Boeken fan Fryslân en Leeuwarden City of Literature gear mei seis Europeeske partners om literatuer yn minderheidstalen yn Europa better ûnder de oandacht te bringen. Sjoch foar mear ynformaasje op: https://litup-project.eu.