<

30 januari

Organisearje ris in Sutelaksje!

Lês fierder nei de foto.

De measte klups en ferienings kinne wol wat ekstra jild brûke. De Sutelaksje biedt jim de kâns om mei in lytse ynspanning de klupkas te spekken!

25% fan de opbringst is foar de klupkas!
Mei in Sutelaksje bringe jim tegearre mei ús it Fryske boek doar oan doar yn jim doarp. Fan it totaale ferkeapbedrach is ferfolgens 25% foar jim klup of feriening. Win win dus! Fryske boeken wurde oan ’e man brocht en de ferieningen hâlde dêr in moaie bûssint oan oer.

Meidwaan?
Gean nei www.sutelaksje.nl om jim feriening of klup op te jaan en wy meitsje alles foar jim yn oarder!

(foto: Jacob van Essen)