<

31 maart

Poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

Lês fierder nei de foto.

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, skriuwt Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid út. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. Foar elk winnend gedicht is €200,- beskikber steld.

De opdracht: skriuw in gedicht op in tema binnen in eksakt fak of saakfak. Dat mei wiskunde, natuerkunde, biology, skiednis, ierdrykskunde, skiekunde of ekonomy wêze. It gedicht moat dêrby as ezelsbrechje tsjinje of de lêzer op in oare manier nei de stof sjen litte.

Tip: foar ynspiraasje is de Nederlânsktalige dichtbondel Wis- en natuurlyriek fan Drs. P. en Marjolein Kool in oanrieder.

Stjoer dyn gedicht(en) yn it Frysk of in Fryske streektaal uterlik foar 28 juny nei info@dichterfanfryslan.nl. Meardere gedichten ynstjoere mei ek. In sjuery sil de gedichten beoardielje en fiif winners oanwize. De poëzijposters sille yn it skoaljier ’23 – ’24 oanbean wurde oan alle middelbere skoallen yn Fryslân.