<

19 september

Printeboek nasjonale Kinderboekenweek ek yn it Frysk: 'De kening sûnder hynder'

Lês fierder nei de foto.

Ta gelegenheid fan de Nationale Kinderboekenweek, fan 1 o/m 12 oktober 2025, ferskynt yn opdracht fan Boeken fan Fryslân yn gearwurking mei it CPNB it printeboek ‘De kening sûnder hynder’ fan Levina van Teunenbroek, in oersetting fan it oarspronklike Nederlânske boek ‘De koning zonder paard’.

As de kening mei in poerbêst sin de keninklike stallen yn stapt, wachtet him in aaklike ferrassing: syn hynder is ferdwûn! Resolút giet er op aventoer út om syn trouwe kammeraat te finen. Lang hoecht de kening net te sykjen, want bûten de kastielpoarte leit in draak te sliepen – en út de búk fan de draak klinkt it begrutlik: ‘Hi-hi-hii’. Wat dochst as dyn bêste freon opiten is troch in gigantyske draak? Dan moatst fansels al eefkes slokke. En dêrnei sammelest al dyn moed byelkoar om him te rêden.

‘De kening sûnder hynder’ is in fleurich printeboek op rym oer échte freonskip en heldemoed, geskikt foar bern fan 4 oant 6 jier.

Presintaasje ‘De kening sûnder hynder’
De presintaasje fan de Fryske oersetting fan it printeboek ‘De kening sûnder hynder’ is op woansdeitemiddei 1 oktober yn De Utrecht yn Ljouwert fan 13.00 – 13.50 oere. Groep 3 fan IKC De Oldenije sil it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme.