<

27 september

Save the date! Frysk Boekefeest!

Lês fierder nei de foto.

Op freedtejûn 3 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2023. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Hiltje yn Pella’ fan Anita Terpstra presintearre wurde.

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan DJ-duo Ritsko van Vliet en Johan Terpstra. It Frysk Boekefeest wurdt holden yn dûnsskoalle Saco Velt yn Ljouwert en it programma begjint om 20:00 oere. De tagong is fergees, elkenien is fan herte wolkom!

Wolst by de feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike oanwêzich wêze? Lit witte datst derby bist fia: info@boekenfanfryslan.nl en set 3 novimber gau yn dyn aginda!

De Fryske Boekewike 2023 rint fan 4 o/m 12 novimber.

(foto: Jacob van Essen)