<

12 oktober

Save the date! Frysk Boekefeest!

Lês fierder nei de foto.

Op freedtejûn 28 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’ fan Ferdinand de Jong presintearre wurde.

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan Las Bandidas. It Frysk Boekefeest wurdt holden yn sealesintrum Hof van de Koning op it Hearrenfean en it programma begjint om 20:00 oere. De tagong is fergees, elkenien is fan herte wolkom!

Wolst by de feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike oanwêzich wêze? Lit witte datst derby bist fia: info@boekenfanfryslan.nl en set 28 oktober gau yn dyn aginda!

De Fryske Boekewike 2022 rint fan 29 oktober o/m 6 novimber.