03 december
Sutelaksjes, skoalbesites, sjuerywurk, Fryske Boekewike, workshops, optredens…
Lês fierder nei de foto.
Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek. U.o troch it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân.
Berneboeke-ambassadeur
De Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân set har yn om lês- en boekewille te fersprieden. Dit jier brocht Tialda Hoogeveen as Berneboeke-ambassadeur oan mear as 50 skoallen yn Fryslân in besite, fan basisskoallen oant MBÛ’s. Sa hat sy mear as 1.300 bern oer Fryske boeken ferteld. Boppedat hat de Berneboeke-ambassadeur yn gearwurking mei ferskate Fryske gemeenten by mear as 50 skoallen in lêskiste fol Fryske (berne)boeken brocht!
Neist skoalbesites waard de Berneboeke-ambassadeur dit jier ek in soad frege foar optredens, sjuerywurk en wurkwinkels. Ek ris in fergese skoalbesite fan de Berneboeke-ambassadeur oanfreegje? Sjoch op: www.berneboekeambassadeur.frl. Ek foar lêspakketten foar skoallen én fergese lesbrieven.
Dichter fan Fryslân
Arjan Hut is sûnt ein ferline jier Dichter fan Fryslân en hat as poëtysk ambsassadeur dit jier net allinnich in soad gedichten skreaun – 6 Dichter fan Fryslân-gedichten en 30 yn opdracht as Dichter fan Fryslân foar allerhanne opdrachtjouwers, mar fersoarge hy dit jier ek mear as 40 poëzij-workshops. Boppedat organisearre hy dit jier in tige suksesfolle edysje fan de Fryske SLAM! en is Arjan as Dichter fan Fryslân ferskate kearen frege foar sjuerywurk en radio- en tv-programma’s.
Op dit stuit wurket de Dichter fan Fryslân oan twa bysûndere poëzij-projekten dy’t hy as Dichter fan Fryslân takom jier oan it publyk bringe sil.
Sutelaksjes
Mei de Sutelaksjes bringe wy tegearre mei klups en ferienings it Fryske boek doar oan doar. Dit jier binne der op dy wize wer mear Fryske boeken ferkocht as de ôfrûne jierren. En de earste Sutelaksjes fan 2025 stean alwer op ‘e aginda!
In Sutelaksje kin ek in moaie bûssint opsmite foar jím klup of feriening, want 25% fan de omset is foar de klupkas! Ek ris in Sutelaksje organisearje mei jim klup of feriening? Sjoch op www.sutelaksje.nl.
Fryske Boekewike
Meindert Talma skreau dit jier it Kadoboek ‘Wynroas’ foar de Fryske Boekewike. Yn de Fryske Boekewike kriget elk by besteging fan €15,- oan Fryske boeken fergees in eksimplaar fan it Kadoboek. Sa binne, ferspraat oer Fryslân, yn ien wike tiid alle 1.500 eksimplaren fan it Kadoboek oer de toanbank gien fia de dielnimmende boekhannels. Takom jier wurdt de Fryske Boekewike holden fan 8 o/m 16 novimber, mei fansels ek wer in boekefeest.
(Foto: Jacob van Essen)