<

12 november

Utnûging bekendmakking nije Dichter fan Fryslân

Lês fierder nei de foto.

Hjirby wurde jo fan herte útnûge om op tongersdei 16 novimber om 16:00 oere oanwêzich te wêzen by de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân yn de Stadskas fan it Explore the North-festival op it Aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert.

Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân troch deputearre Eke Folkerts nimt Sigrid Kingma ôfskie as Dichter fan Fryslân 2021 – 2023. Dizze feestlike middei wurdt mei mooglik makke troch Boeken fan Fryslân en Explore the North. De presintaasje is yn hannen fan Suzanne van Zwam.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de Provincie Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij. De advyskommisje bestiet dit jier út Sigrid Kingma, Céline Wierda en Ammerins Moss-de Boer (foarsitter).

Oanmelde fia: ynfo@dichterfanfryslan.nl

(Foto: Rob Sneltjes)