Fryske Boekewike
Mei de Fryske Boekewike fiere wy it Fryske boek en stiet dy wike it Fryske boek sintraal. De Fryske Boekewike fynt plak yn it neijier en start mei de presintaasje fan it Fryske Kadoboek. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike fergees te krijen by oankeap fan €15,- oan Fryske boeken.
fryskeboekewike.nl
Berneboeke-ambassadeur
De Berneboeke-ambassadeur set har yn om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambassadeur bringt dêrfoar Fryske berneboeken ûnder de oandacht en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.
berneboekeambassadeur.frl
Sutelaksje
Mei de Sutelaksje wolle wy de ferkeap fan it Fryske boek befoarderje. Alwer in pear jier wurdt der yn gearwurking mei lokale klups en ferienings mei sukses sutele yn de Fryske doarpen. En elke klup of feriening kin meidwaan.
sutelaksje.nl
Dichter Fan Fryslân
Mei it projekt Dichter fan Fryslân wolle wy tegearre mei de Dichter fan Fryslân de keunstfoarm poëzij ûnder in sa’n breed mooglik publyk bekend meitsje.
dichterfanfryslan.nl

Nijs

Frysk Boekefeest 2026

Freed 30 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest yn Tresoar yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2026.…

Lês mear

Feestlike oanbieding en optredens Kadoboek ‘Seis Ses Zesse Ses’ Fryske Boekewike

Op freedtejûn 30 oktober wurdt yn Tresoar de Fryske Boekewike ôftrape mei it Fryske Boekefeest en de oanbieding fan it…

Lês mear

Wat kin Boeken fan Fryslân
foar dy betsjutte?

Skriuwer
Ik bin in skriuwer, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear
Boekhannel
Ik wurkje foar in boekhannel, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear
Feriening
Ik bin lid fan in feriening, wat kin Boeken fan Fryslân foar ús betsjutte?
Lês mear
Bibleteken
Ik wurkje foar in bibleteek, wat kin Boeken fan Fryslân foar ús bibleteek besjutte?
Lês mear
Skoallen
Ik wurkje yn it ûnderwiis, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear
Utjouwerij
Ik wurkje foar in útjouwerij, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear

Feriening

Boeken fan Fryslân organisearret tegearre mei ferienings yn hiel Fryslân de Sutelaksje. Doarpsbelang, Pleatslik Belang, Sportklups, Muzykferienings, toanielferienings ensahf. dy’t de Sutelaksje mei ús organisearje, kinne dêrmei 25% fan de omset yn harren klupkas stoarte. In moaie ynstruier!

Wolsto mei dyn feriening of klup ek in Sutelaksje organisearje? Skriuw jim dan no yn foar in Sutelaksje en wy nimme sa gau as mooglik kontakt mei jim op.

Sjoch op www.sutelaksje.nl foar mear opjaan en mear ynformaasje.

Boekediskes & Boekedisplays

Boeken fan Fryslân docht ek boekferkeap op lokaasje mei diskes (kramen) en boekedisplays. In diske mei in moai assortimint Fryske (berne)boeken en boeken oer Fryslân is poer geskikt op merken, fairs en beurzen. Boekedisplays fersoargje wy foar supermerken en toeristyske ynformaasjepunten.

Wolle jo in diske mei Fryske boeken op jo evenemint? Of in boekedisplay? Freegje no oan!

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ferkeappunten

Rûnom yn Fryslân is it Fryske boek te keap. Sjoch hjir foar it oanbod Fryske boeken by dy yn 'e buert. Ek online!

Ferkeappunten