Dichter Fan Fryslân
Mei it projekt Dichter fan Fryslân wolle wy tegearre mei de Dichter fan Fryslân de keunstfoarm poëzij ûnder in sa’n breed mooglik publyk bekend meitsje.
dichterfanfryslan.nl
Sutelaksje
Mei de Sutelaksje wolle wy de ferkeap fan it Fryske boek befoarderje. Alwer in pear jier wurdt der yn gearwurking mei lokale klups en ferienings mei sukses sutele yn de Fryske doarpen. En elke klup of feriening kin meidwaan.
sutelaksje.nl
Berneboeke-ambassadeur
De Berneboeke-ambassadeur set har yn om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambassadeur bringt dêrfoar Fryske berneboeken ûnder de oandacht en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.
berneboekeambassadeur.frl
Fryske Boekewike
Mei de Fryske Boekewike fiere wy it Fryske boek en stiet dy wike it Fryske boek sintraal. De Fryske Boekewike fynt plak yn it neijier en start mei it Fryske Boekefeest.
fryskeboekewike.nl

Nijs

Earste Sutelaksje fan 2024 fan start!

Ofrûne freed 5 april gie de earste Sutelaksje fan dit jier fan start yn Itens, Rien, Lytsewierrum en Hinaard. Doarpskrante…

Lês mear

Alwer in hiel jier fol Sutelaksjes!

Foar dit jier stean der yn gearwurking mei allerhanne klups en ferienings alwer moai wat Sutelaksje op it programma! Op…

Lês mear

Wat kin Boeken fan Fryslân
foar dy betsjutte?

Skriuwer
Ik bin in skriuwer, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear
Boekhannel
Ik wurkje foar in boekhannel, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear
Feriening
Ik bin lid fan in feriening, wat kin Boeken fan Fryslân foar ús betsjutte?
Lês mear
Bibleteken
Ik wurkje foar in bibleteek, wat kin Boeken fan Fryslân foar ús bibleteek besjutte?
Lês mear
Skoallen
Ik wurkje yn it ûnderwiis, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear
Utjouwerij
Ik wurkje foar in útjouwerij, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear

Utjouwerij

Boeken fan Fryslân is de organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek. Yn de Fryske Boekewike yn oktober bringt Boeken fan Fryslân yn gearwurking mei in Fryske útjouwer it Fryske Kadoboek út. Tidens de Nationale Boekenweek yn maart set Boeken fan Fryslân yn gearwurkging mei it CPNB it Boekenweekgeschenk oer yn it Frysk.

Boeken fan Fryslân stiet ek it hiele jier rûn mei boekediskes op merken yn Fryslân, organisearret rûnom yn Fryslân Sutelaksjes en fersoarget yn ferskate supermerken en VVV’s displays mei Fryske boeken.

Wolst mear witte oer it Kadoboek, it Boekewikegeskink, de boekedisplays of wolst mear ynformaasje oer wat Boeken fan Fryslân foar jim betsjutte kin, mail nei ynfo@boekenfanfryslan.frl.

Boekediskes & Boekedisplays

Boeken fan Fryslân docht ek boekferkeap op lokaasje mei diskes (kramen) en boekedisplays. In diske mei in moai assortimint Fryske (berne)boeken en boeken oer Fryslân is poer geskikt op merken, fairs en beurzen. Boekedisplays fersoargje wy foar supermerken en toeristyske ynformaasjepunten.

Wolle jo in diske mei Fryske boeken op jo evenemint? Of in boekedisplay? Freegje no oan!

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ferkeappunten

Rûnom yn Fryslân is it Fryske boek te keap. Sjoch hjir foar it oanbod Fryske boeken by dy yn 'e buert. Ek online!

Ferkeappunten