Nûgje ris in dichter of in skriuwer út by jim op skoalle of freegje de Berneboeke-ambassadeur op besite foar in workshop. Projekten as de Berneboeke-ambassadeur en Dichter fan Fryslân binne projekten dy’t ek ûnder Boeken fan Fryslân falle. Fansels kin Boeken fan Fryslân ek op maat lesoptredens oanbiede.
Boeken fan Fryslân kin jim ek in boekekist oanbiede mei de nijste Fryske berneboeken foar ûnder-, midden- en boppebou. Besjoch de boeken en skaf se oan as se de muoite wurdich binne. De boekekiste wurdt fergees brocht en wer ophelle.Wolst in boekekist oanfreegje? Mei nei ynfo@boekenfanfryslan.frl en wy nimme sa gau as mooglik kontakt mei jim op.