Dichter Fan Fryslân
Mei it projekt Dichter fan Fryslân wolle wy tegearre mei de Dichter fan Fryslân de keunstfoarm poëzij ûnder in sa’n breed mooglik publyk bekend meitsje.
dichterfanfryslan.nl
Fryske Boekewike
Mei de Fryske Boekewike fiere wy it Fryske boek en stiet dy wike it Fryske boek sintraal. De Fryske Boekewike fynt plak yn it neijier en start mei de presintaasje fan it Fryske Kadoboek. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike fergees te krijen by oankeap fan €15,- oan Fryske boeken.
fryskeboekewike.nl
Berneboeke-ambassadeur
De Berneboeke-ambassadeur set har yn om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambassadeur bringt dêrfoar Fryske berneboeken ûnder de oandacht en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.
berneboekeambassadeur.frl
Sutelaksje
Mei de Sutelaksje wolle wy de ferkeap fan it Fryske boek befoarderje. Alwer in pear jier wurdt der yn gearwurking mei lokale klups en ferienings mei sukses sutele yn de Fryske doarpen. En elke klup of feriening kin meidwaan.
sutelaksje.nl

Nijs

Frysk Boekefeest 2026

Freed 30 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest yn Tresoar yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2026.…

Lês mear

Feestlike oanbieding en optredens Kadoboek ‘Seis Ses Zesse Ses’ Fryske Boekewike

Op freedtejûn 30 oktober wurdt yn Tresoar de Fryske Boekewike ôftrape mei it Fryske Boekefeest en de oanbieding fan it…

Lês mear

Wat kin Boeken fan Fryslân
foar dy betsjutte?

Skriuwer
Ik bin in skriuwer, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear
Boekhannel
Ik wurkje foar in boekhannel, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear
Feriening
Ik bin lid fan in feriening, wat kin Boeken fan Fryslân foar ús betsjutte?
Lês mear
Bibleteken
Ik wurkje foar in bibleteek, wat kin Boeken fan Fryslân foar ús bibleteek besjutte?
Lês mear
Skoallen
Ik wurkje yn it ûnderwiis, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear
Utjouwerij
Ik wurkje foar in útjouwerij, wat kin Boeken fan Fryslân foar my betsjutte?
Lês mear

Skriuwer

Boeken fan Fryslân organisearret it hiele jier troch literêre aktiviteiten rûnom yn ‘e provinsje, al as net yn gearwurking mei oare partijen. Tink oan de Fryske Boekwike, in Fryske ferhaleseary yn podcast, mar ek foardrachten yn bibleteken, boekhannels, kroegen of musea. Boeken fan Fryslân kin ek optrede as yntermediêr en keppelet as sadanich skriuwers oan oare literêre projekten yn Fryslân.

Boeken fan Fryslân stiet ek it hiele jier rûn mei boekediskes op merken yn Fryslân, organisearret rûnom yn Fryslân Sutelaksjes en fersoarget yn ferskate supermerken en VVV’s displays mei Fryske boeken.

Hast in idee of wolst mear witte oer wat Boeken fan Fryslân foar dy betsjutte kin? Nim dan kontakt op fia: ynfo@boekenfanfryslân.frl.

Boekediskes & Boekedisplays

Boeken fan Fryslân docht ek boekferkeap op lokaasje mei diskes (kramen) en boekedisplays. In diske mei in moai assortimint Fryske (berne)boeken en boeken oer Fryslân is poer geskikt op merken, fairs en beurzen. Boekedisplays fersoargje wy foar supermerken en toeristyske ynformaasjepunten.

Wolle jo in diske mei Fryske boeken op jo evenemint? Of in boekedisplay? Freegje no oan!

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ferkeappunten

Rûnom yn Fryslân is it Fryske boek te keap. Sjoch hjir foar it oanbod Fryske boeken by dy yn 'e buert. Ek online!

Ferkeappunten